Dronryp nei de finale fan de Freulepartij
Beschreibung
Seisbierrum/Pitersbierrum en Dronryp steane yn de finale fan de 109de Freulepartij yn Wommels. Seisbierrum/Pitersbierrum wûn yn in aparte heale finale mei wikseljende kânsen fan Frjentsjer. Seisbierrum luts mei 5-5, en 6-6 oan de langste ein. Frjentsjer is no tredde wurden fan de Freulepartij. Dronryp wûn op de fjirde list mei 5-5 en 6-2 fan Arum en hoegde gjin heale finale te keatsen.
