Hea: In eigen bushalte foar Joni

Omrop Fryslân 2. Juni 2009 0 Aufrufe

Beschreibung

Joni Tingen is sljocht op bussen. En omdat er kommende sneon 21 jier wurdt, woe ferfiersbedriuw Connexxion dat noch wol ekstra feestlik meitsje. Joni is moarns mei in eigen bus ôfhelle fan it aktiviteitesintrum yn Ljouwert en doe't er thús yn Aldebildtsyl kaam, hie er ynienen syn eigen bushalte yn 'e tún te stean...